Boargemaster Kuiper riddere

16 des 2010 - 15:52
  • Ridder Bert Kuiper

Boargemaster Bert Kuiper fan Skarsterlân is tongersdei by syn ôfskied beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy krige de ûnderskieding útrikt troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma.

Kuiper hat goed 20 jier boargemaster west yn Skarsterlân en giet op 1 jannewaris mei pensjoen. Neist syn wurk as boargemaster wie hy ek aktyf yn it ûnderwiis, de soarch en de wettersport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)