Lintsje wethâlder Kanselaar

Foto: Wymbritseradiel.nl
Wethâlder Sietske Kanselaar-Rinzema fan Wymbritseradiel hat tongersdei in lintsje krigen. Sy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Sietske Kanselaar wie fan 2006 ôf wethâlder, dêrfoar wie sy ek al njoggen jier riedslid foar de PvdA.
Neist har wurk foar de gemeenteried wie se ek maatskiplik hiel aktyf, lykas foar de sport- en rekreaasjeklup Nijlân en it Aaipopfestival. Se sette har as wethâlder benammen yn foar de jeugd.