Marit Bouwmester noch twadde

Marit Bouwmeester is nei seis races noch altyd twadde by de earste wrâldbekerwedstriid fan it nije seizoen. De sylster út Warten wûn yn Melbourne yn de Laser Radial in race en se waard in kear fiifde en fjirde. De Sinese Zhang Dong Shuang hat fiif punten foarsprong.
Roelof Bouwmeester yn de Laser en Pieter-Jan Postma yn de Finn stean beide ek yn de top tsien. Bouwmeester is nei sân races fiifde, Postma hat seis kear it wetter op west en is sânde.