Turncoach wint treningsstaazje

16 des 2010 - 11:13

Turncoach Gerben Wiersma fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean hat in treningsstaazje wûn yn Amearika. It giet om in priis fan de oerkoepeljende organisaasje foar coaches, NL Coach.

Wiersma krige de priis ferline jier ek al. Hy sil takom jier op 'e nij nei Amearika om dêr twa wiken staazje te rinnen by de ynternasjonale toptrainer Valeri Liukin yn Dallas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)