Man rydt mei frou op motorkap

16 des 2010 - 10:52

In man fan 47 út Surhústerfean is woansdei yn syn wenplak oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in frou fan 34 dearide woe. De twa hiene spul hân oer in ferkearssituaasje op de Fossemastrjitte. De fertochte sloech syn autodoar tsjin de frou oan dêr't de frou by ferwûne rekke oan it kin.

Se besocht de man tsjin te hâlden doe't er fuortride soe, mar de man joech gas. Se is inkelde meters op de motorkap meifierd. It is net dúdlik oft de frou dêrtroch ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)