Groepsoanklacht yn saak Club Q

De seis fertochten yn de saak Club Q wurdt as lêst foarlein dat se meidien ha oan in fjochtpartij dy't laat hat ta de dea fan Redmar Smedema. De seis kamen tongersdei foar de rjochter. De groepsoanklacht wol sizze dat de seis beskuldige wurde mei har allen dielnaam te hawwen oan de fjochterij.
Dat wurdt dien yn neifolging fan it Picornie-arrest. By in fjochtpartij tusken Ajax- en Feyenoord-hooligans yn Beverwyk yn 1997 kaam Ajax-fan Carlo Picornie om it libben.