Fiskersskip yn Harns oankaam

16 des 2010 - 07:51

It skip dat tiisdei boppe Skylge fergie, is tongersdeitemoarn nei in sleeptocht oankaam yn de yndustryhaven fan Harns. It skip wurdt dêr yn de rin fan de dei kantele, wêrnei't it KLPD ûndersyk docht op it skip. Dan moat ek dúdlik wurde oft it lichem fan it tredde bemanningslid, in 19-jierrige matroas út Grins, yn it skip leit.

De 46-jierrige kaptein koe tiisdei út it wetter helle wurde. Hy leit yn it sikehûs. It lichem fan in oare opfarrende spielde tiisdeitenacht oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)