Noarden moat de NOM oernimme

It Noarden moat sels it foech krije oer it ynvestearringsjild fan de NOM, de Noardelike Untwikkelings Maatskippij. Dat fynt VNO-NCW Noord.
De ûndernimmersorganisaasje fynt dat it ryk de NOM foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oerdrage moat oan it Noarden. It nije kabinet hat minder omtinken foar de regionale ekonomy en dêrom soe de NOM privatissearre wurde moatten mei oandielhâlders út it Noarden. Dy kinne better bepale hoe't regionale bedriuwen stipe wurde kinne.