Bart de Vries wint FlevOnice

Bart de Vries fan De Haule hat syn earste grutte oerwinning by it maratonriden te pakken. Op it iis fan Biddinghuzen wie de jongste broer fan Bob en Elma nei 75 kilometer de rapste fan in kopgroep fan seis. Dy kopgroep wie twa kear sa grut, mar in pear rûntsjes foar de ein begûn de oanfal fan de lettere winner. Christijn Groeneveld waard twad, Rob Busser tred.
It wie de njoggende maraton om de KPN Maraton Cup en de earste foar it Super Prestige klassemint.