Noch jild tekoart foar N381

15 des 2010 - 21:50
  • De plannen foar de N381 lizze al klear

De finansiering fan de ferdûbeling fan de N381, de dyk fan Drachten nei de Drintske grins, is noch net rûn. Der is noch in gat fan sa'n 4 miljoen euro. Dat jild moat opbrocht wurde troch de gemeenten Eaststellingwerf, Opsterlân en Smellingerlân.

Dy gemeenten hawwe der troch alle besunigings amper jild foar. Wurdt it gat yn de begrutting net oplost dan wurdt de dyk aanst twabaans oanlein sa stelt deputearre Piet Adema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)