Petear oer Súdwest-Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komme iepenbiere diskusjejûnen oer de koalysjefoarming yn de nije Súdwesthoeke-gemeente. Op dy jûnen fertelt ynformateur Arie Aalberts wat syn petearen mei de fraksjes opsmiten hat. Der is praat oer de koers en de wurkwize fan de nije gemeente.
Tusken kryst en âld-en-nij wurdt trochwurke om de koalysje op tiid klear te krijen. Neffens de wet moatte de nije wethâlders op de earste wurkdei yn it nije jier beneamd wurde. De jûnen binne nije wike yn Drylts.