Heechste punt provinsjehûs

De bouwers fan it provinsjehûs yn Ljouwert ha it heechste punt berikt fan de nijbou. Woansdei waard it tuorke op it dak fan de heechbou pleatst. Dy is no 45 meter heech.
De bûtenkant fan it gebou is foar in grut part klear. Yn it gebou wurdt ek wurke. De waarmteboarne dy't ierdwaarmte brûkt foar de ferwaarming fan it gebou is sûnt in wike yn gebrûk. De bou leit op skema. Ein 2011 kinne de amtners werom ferhúzje nei de Twibaksmerk.