Noed oer rôffûgelferfolging

Natuerorganisaasjes ha noed oer de plysje-ynset tsjin rôffûgelferfolging. Takom jier komt de plysje inkeld yn aksje as dúdlik is wa't ferantwurdlik is foar de rôffûgelferfolging. De ôfrûne jierren wie der ekstra ynset op de bestriding fan rôffûgelferfolging.
De Fryske en lanlike natuerklups ha it Iepenbier Ministearje in brânbrief stjoerd. Se wolle dat der mear omtinken komt om't it probleem fan rôffûgelferfolging yn Fryslân hiel grut is.