Ofskied From fan steaten
CDA-er Jan From hat woansdei ôfskie naam fan de steaten. From hat syn sit opjûn om't er him net fine kin yn de gearwurking dy't syn partij lanlik oangien is mei de PVV. Yn de steategearkomste fan novimber makke From syn beslút bekend.
From syn plak wurdt oant de ferkiezings fan maart ynnaam troch Rendert Algra. Dy hat earder yn de steaten sitten.