Lichem op Skylge oanspield

Op it Skylger strân is tiisdeitenacht it lichem fan in man fûn. It is noch ûnwis oft it in opfarrende fan it skip is dat tiisdei foar de kust fergie. De HA38 is omslein. Ien bemanningslid is swier ûnderkuolle yn it wetter fûn. De oare opfarrenden binne fermist.
It skip leit yntusken op de Richel yn de Waadsee. Bergingsynstrukteurs ûndersykje hoe't it skip ferfierd wurde moat. Plysje en rêdingsbrigade sykje op de Noardsee mei in fleantúch en fan it strân ôf wurdt ek socht.