Ljouwerter ôffal de grûn yn
Bewenners en ûndernimmers yn it Ljouwerter sintrum kinne har smoargens yn de takomst kwyt yn ûndergrûnse konteners. Offalbedriuw Omrin hat fan de gemeente tastimming krigen om sa'n fyftich konteners oan te lizzen.
De nije wize fan it ynsammeljen hat grutte foardielen. Strjitten steane net mear fol mei plestik ôffalpûden wêrtroch't it sintrum oantrekliker wurdt om yn te wenjen en te winkeljen. Healwei takom jier wurde de nije konteners yn gebrûk nommen.