Stellerij cv-tsjettels oplost

De plysje hat mei de oanhâlding fan trije fertochten de stellerij fan cv-tsjettels, koperen liedingen en mingkranen oplost. It giet om manlju út Ljussens, Ie en Eanjum.
De manlju út Ljussens en Ie ha bekend dat se tusken 4 en 29 novimber ynbrutsen ha yn in tal huzen oan De Kamp yn Ljussens. Se hiene ek op paad west yn Axel, yn Seelân. De plysje kaam de fertochten op it spoar troch tips en eigen ûndersyk. Twa fan har sitte fêst.