Tsjinstwapen plysje stellen

15 des 2010 - 10:27

De plysje ûndersiket de stellerij fan it tsjinstwapen fan in plysjeman (29) út Ljouwert. It wapen waard dit wykein stellen út de auto fan de plysje. Dy hie it dêr sûnder opsetsin yn sitte litten.

Plysjes meie yn guon gefallen har tsjinstwapen meinimme, mar moatte dat dan thús yn in spesjale klûs opbergje. Neist it tsjinstwapen binne ek in set hânboeien en in buske pepperspray stellen. De plysjeman docht salang't it ûndersyk duorret administratyf wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)