Brânwacht moat foarljochtsje

15 des 2010 - 10:18

De brânwacht soe mear oan foarljochting en previnsje dwaan moatte. Dat fynt kommandant Henk van der Veen fan brânwacht Noardeast Fryslân. Yn de wintermoannen binne der mear brannen as oars. De elektryske kachels en kearskes soargje foar mear brângefaar. In soad fan dizze brannen binne maklik foar te kommen.

De brânwacht hat it yn de winter dreger mei blussen om't sleatten beferzen binne en brânkranen ûnder de snie bedobbe binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)