Steaten te sjen op Omroplive

15 des 2010 - 10:09
  • De provinsjale steaten binne wer live te folgjen op Omroplive.nl

Op ús temasite www.omroplive.nl kinne je woansdei sjen nei de desimbergearkomste fan provinsjale steaten. De steaten prate woansdei ûnder oare oer it Provinsjaal ferkears-en ferfiersplan (PVVP).

Fierder nimt steatelid Jan From (CDA) ôfskied fan de steaten. From stapt út de polityk omdat hy it net iens is mei de gearwurking fan syn partij mei de PVV. Fierder sille de steaten ek stil stean by it berikken fan it heechste punt fan it nije provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)