Fakminsken op skoalle

15 des 2010 - 09:56

Achtkarspelen stelt minsken oan om de aktiviteiten yn it ûnderwiis, kultuer en sport better op elkoar ôf te stimmen. Doel is dat folle mear skoalbern gebrûk meitsje kinne fan de fasiliteiten lykas de muzykskoalle, de biblioteek en sportferienings.

Yn de praktyk betsjut it dat der jild beskikber komt om fakminsken fan de ynstellings ek op skoallen wurkje te litten. De bern krije dan op skoalle muzykles troch fakminsken. Der komme trije sokke funksjonarissen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)