Gjin boete foar dumpen ôffal

15 des 2010 - 09:43

Ynwenners fan Opsterlân en Smellingerlân hoege gjin boete te beteljen foar it dumpen fan ôffal. De boete wie har oplein troch de Grinslanner-gemeente Marum. Sa'n tweintich ynwenners hiene de boete krigen om't se neffens Marum yllegaal ôffal dumpt hiene op gemeentlike grûn.

De rjochter hat lykwols bepaald dat de boete net terjochte is, om't op it plak dêr't it ôffal dumpt wie gjin buordsje stie dat dat net mocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)