Dûkers kinne wrak net yn

14 des 2010 - 15:30

De dûkers fan 'e Marine kinne de omsleine skulpsûger boppe Skylge net yn. Dêr is it te gefaarlik foar. Ien dûker hat wol op it skip stien en klopsinjalen jûn, mar dêr kaam gjin reaksje op.

Twa opfarrenden wurde fermist sûnt it skip tiisdeitemoarn healwei fiven yn problemen rekke. Ien persoan koe út it wetter helle wurde. Hy is reanimeard en nei it sikehûs brocht. Syn tastân is krityk. It wrak is fêstrûn op in bank. Bergers besykje it los te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)