Manifestaasje tsjin PVV

14 des 2010 - 15:02

De Fryske anty-faksistyske beweging AFA Fryslân hâldt de sneons foar de steateferkiezings in grutte manifestaasje yn Ljouwert. Dy is bedoeld tsjin diskriminaasje en rasisme en as protest tsjin de PVV. De organisaasje ferwachtet hûnderten minsken. No tongersdei is der in protestaksje by De Waach yn Ljouwert.

AFA Fryslân fergadere moandei op in net iepenbier tagonklike lokaasje oer de kampanje tsjin de PVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)