Frachtauto ferliest oanhinger
Op yndustryterrein Drachten A7 hat in frachtwein tiisdeitemiddei in oanhinger ferlern. Troch noch ûnbekende oarsaak brutsen bouten fan de koppeling ôf. Dêrtroch foel de oanhinger op strjitte.
De oanhinger koe mei in heftruck nei in garaazje yn de buert brocht wurde. Gjinien rekke ferwûne by it ûngelok.