Frachtauto falt troch muorre

Foto: Anton Kappers
By Koopmans Moalfabryk yn Ljouwert is tiisdei in frachtwein mei moal tsjin in fabryksgebou oanfallen. Der ûntstie in gat yn 'e muorre. By it lossen fan it moal bruts ien fan de steunpoaten ôf. De kombinaasje klapte om mei de boppekant troch it gebou hinne. In lyts part fan de lading kaam op de grûn telâne.
De frachtwein bleau hingjen op it betonwurk fan it fabryksgebou. Net ien rekke ferwûne by it ûngelok.