Vandenbussche op trainingskamp

14 des 2010 - 13:13

Brian Vandenbussche giet fan 6 jannewaris oant en mei 13 jannewaris mei de seleksje fan SC Hearrenfean mei op trainingskamp yn Portugal. De doelman is herstellende fan in swiere krúsbânblessuere dy't er ôfrûne simmer by in oefenduel krige.

Vandenbussche hat moannen yn Zeist oan syn revalidaasje wurke, mar is no wer op de klup. Ferline wike mocht er foar it earst wer op it fjild traine. Yn febrewaris hopet Vandenbussche wer wedstriidfit te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)