Sykaksje op leech pitsje

14 des 2010 - 12:41

De Kustwacht giet derfan út dat de twa fermisten fan it omsleine skip op 'e Noardsee boppe Skylge net mear libje. De syktocht nei de manlju is foarearst stillein. De Kustwacht krige moarns om healwei fiven de earste melding. In heal oere letter waard ien opfarrende út it wetter weihelle. De oare twa binne noch hieltyd net fûn. It skip leit no sawat in kilometer foar de kust fan Skylge op 'e kop yn it wetter. Dûkers fan de marine ûndersykje oft se deryn kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)