Soargen oer Waadfleanen

Definsje bliuwt fan doel him oan de Natoerbeskermingswet te hâlden by oefenings boppe it Waad. De Waadferiening makket him dêr grutte soargen oer. De feriening ferwachtet dat de natoer minder fersteurd wurdt as definsje in fergunning oanfreegje moat. Dat bart no noch net.
It moat dúdliker wurde hoe bot de natoer te lijen hat fan 'e fleanerij. Op syn gaust leit der healwei takom jier in fergunning klear om neffens de Natoerbeskermingswet te fleanen.