Boargemaster Piersma riddere

Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel is beneamd ta ridder yn 'e Oarder van Oranje Nassau. Hy krige de ûnderskieding moandei opspjelde by de lêste riedsgearkomste fan syn gemeente. Wûnseradiel giet op 1 jannewaris op yn de nije Súdwesthoekegemeente.
Piersma wie fyftjin jier boargemaster fan Wûnseradiel. Hy is de iennige boargemaster dy't lid is fan de FNP. Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma rikte de ûnderskieding út.