Man stelt hûnderten fytsen

In 23-jierrige man út Ljouwert hat bekend dat er de ôfrûne jierren hûnderten fytsen stellen hat. De saak kaam oan it rôljen doe't de man oppakt waard fanwege in ynbraak yn in hûs. Hy bekende dat er oer in perioade fan trije jier yn Ljouwert en Winschoten tusken de fjouwer- en de fiifhûndert fytsen stellen hie.
De fytsen ferkocht er wer foar in pear tientsjes. It jild dat er dêrfoar krige, gie op oan drugs.