Syktocht nei twa opfarrenden

De kustwacht is tiisdeitemoarn boppe Skylge dwaande mei in sykaksje nei twa opfarrenden fan it Harnzer fiskersskip Frisia. Om healwei fiven hinne melden de bemanningsleden fan in skulpsûger dat se sonken. Der wiene trije minsken oan board.
Rêdingsboaten en trije helikopters waarden nei it plak fan it skip stjoerd. Ien opfarrende koe út it wetter helle wurde. Nei de twa oare bemanningsleden wurdt noch socht. Dêrby helpe ek skippen yn de buert.