Melkrobot foarkomt grutte brân
Yn in melkfeestâl yn Mitselwier hat tiisdeitemoarn brân west. Om healwei fiven hinne joech in melkrobot alarm dat der wat mis wie. De boer waard alarmearre. Doe't er de stâl ynkaam, stie dy fol mei reek. In trekker stie yn 'e brân. Fan de hûndert kij moast de helte út de stâl weihelle wurde. De rest koe stean bliuwe. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. De boer is noch op syk nei in tal kij dat fuortrûn is.