Maklike winst Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hie it moandeitejûn op in kâld sportpark Skoatterwâld net dreech tsjin Jong ADO Den Haach. De thúsploech fan trainer Johnny Jansen wûn mei 5-1. De wedstriid wie nei ien helte al spile. Troch doelpunten fan Philip Haglund, Geert Arend Roorda, Samir Fazli en in eigen doelpunt wie it al 4-0.
Nei de 4-1 fan Santy Hulst brocht opnij in eigen Den Haach doelpunt de einstân op 5-1. Jong Hearrenfean/Emmen is no tredde mei 20 út 13.