Rêdingsbrigade yn aksje

13 des 2010 - 17:29

De rêdingsbrigade Drachten docht mei oan de aksje Serious Rescue. Mei de aksje wurdt jild ynsammele foar bern dy't gjin âlders mear hawwe omdat se ferstoarn binne oan HIV of Aids.

In team fan acht minsken fan de rêdingsbrigade sil yn trije dagen tiid 160 kilometer farre fan Bergen op Zoom nei Eindhoven. Yn totaal dogge hast 20 brigades út it hiele lân mei. Radiostjoerder 3FM hat elk jier in aksje mei in glêzen hûs ûnder de namme Serious Request.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)