Brief oer Alde Feanen

It besikerssintrum by Earnewâld
Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel hat in brief skreaun oan de Twadde Keamer om natuergebiet De Alde Feanen dochs noch by Tytsjerksteradiel te krijen. Nei de weryndieling fan Boarnsterhim sil De Alde Feanen nei Ljouwert. De gemeente Tytsjerksteradiel is dêr tsjin.
De fêste keamerkommisje beslút úteinlik hokker gemeenten grûn fan Boarnsterhim krije. Polderman hopet dat hy de Twadde Keamer noch op oare gedachten bringe kin.