Mais ûnder foly sukses

Boeren mei mais ûnder foly kinne ek yn wiete gebieten de mais earder fan it lân helje en der sit ek nochris folle mear setmoal yn. Ien en oar smyt in foardiel op fan 100 euro de bunder. Dat seit Hein Willem Leeraar, de projektlieder fan de proef dy 't no twa jier draait hat.
Freed is bekend makke wat de proef oant no ta opsmiten hat. De mais sit ûnder in folysoart dat mei de tiid fergiet.