Lauwersmargebiet opknapt

De foarsjennings foar boatsjeminsken yn it Lauwersmargebiet wurde foar 7 ton opknapt. Lisplakken wurde oanpakt, in trailerhelling fernijd en ek it fiskplak by Dokkumer Nije Silen krijt in opknapbeurt.
It hiele projekt wurdt betelle troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en De Marne. Neffens Jack van den Berg fan de Marrekrite, de organisaasje dy't de lisplakken ûnderhâldt, waard it heech tiid.