Soad besikers Hannemahûs

Museum it Hannemahûs yn Harns hat dit jier in rekôrtal besikers lutsen. Dit wykein kaam de teller op 10.500. Gewoanwei sit it tal besikers om de 5000, mar twa jier lyn is it museum ferboud en binne de iepeningstiden ferromme. Ek wurde der mear lêzingen en oare aktiviteiten hâlden en de besikers dêrfan wurde ek meiteld.
Sneon begjint yn it museum in útstalling oer seekearingen. Dat yn ferbân mei de oplevering fan de nije kearmuorre by de haven yn Harns.