Feilich yn Ferwerderadiel

13 des 2010 - 11:03

Ynwenners fan Ferwerderadiel fiele har feiliger as it Fryske gemiddelde. Leit it trochsneedpersintaazje fan minsken dy't har ûnfeilich fiele op 20 prosint, yn Ferwerderadiel is dat 11 prosint. Lanlik fielt 26 prosint him wolris ûnfeilich. Dat docht bliken út sifers fan it buro Feiligensmonitor.

De grutste problemen yn de buerten binne hurdriders, hûnestront en oerlêst troch groepen. De kwaliteit fan de boartersplakken is minder as regionaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)