Lintsje foar Harm Witteveen

Harm Witteveen (foto: Stendenkoor.nl)
Dirigint Harm Witteveen fan it Stendenkoar út Ljouwert is sneintejûn beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oanje Nassau. Witteveen krige it lintsje útrikt troch boargemaster Ferd Crone. Witteveen hat jierrenlang muzykdosint west oan ferskate pabû-opliedings fan de Christelijke Hegeskoalle Noard-Nederlân, no Stenden.
Witteveen is de inisjatyfnimmer fan de jierlikse útfiering fan de Matthaüs Passion yn de Martinitsjerke yn Boalsert.