SCO ferliest thús fan VADA

12 des 2010 - 17:18

De kuorballers fan SCO hawwe snein tsjin VADA út Wageningen mei 25-21 ferlern. Yn sporthal de Nije Steense yn Wolvegea gie de wedstriid lange tiid lyk op. SCO pakte in nipte foarsprong foar rêst, mar dêrnei pakten de Wageningers de foarsprong en bleau VADA de sterkste.

Yn deselde haadklasse wûn LDODK mei 22-16 fan AKC út Almelo. LDODK fan Terwispel/De Gordyk bliuwt de koprinner yn dizze haadklasse. Sneon waard it by Mid Fryslân-Drachten 27-27.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)