FVC spilet 0-0 tsjin Hoogeveen

12 des 2010 - 16:55

Sneinshaadklasser FVC út Ljouwert hat snein mei 0-0 lykspile tsjin Hoogeveen. It spannendste momint fan de wedstriid wie de reade kaart foar FVC-spiler Edwin Gross, wêrtroch Hoogeveen in penalty krige. De strafskop waard nommen troch Guido ten Cate, mar dy miste.

Sneon spile ONS Snits yn de sneonshaadklasse tsjin Nunspeet. It waard 2-0 foar de Snitsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)