Hearrenfean wint fan Twente

Assaidi skoarde trije kear
Sportklup Hearrenfean hat snein in geweldige tik útdield oan lânskampioen FC Twente. It waard yn it Abe Lenstra Stadion 6-2. FC Twente, dat de kop fan de eardivyzje oernimme koe, rûn de hiele wedstriid efter de feiten oan. Assaidi wie mei trije doelpunten dé man by de Feansters. By rêst stie it noch 2-1, mar de Fryske earedivyzjonist boude de foarsprong yn it slot fan de wedstriid út. De oare goals waarden makke troch Elm, Narsingh en Väyrynen (penalty).