Knap brûns shorttrackers

12 des 2010 - 14:39

De Nederlânske shorttrackploech, mei ûnder oare Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt, hat snein op de efterfolging yn Sjanghai knap brûns helle. Yn de finale lei de ploech oant de ein fan de race op it lêste en fjirde plak.

Yn de lêste rûntsjes kaam der in oanfal op de tredde plak fan Sina en troch in fenomenale sprint fan Sjinkie Knegt pakte Nederlân it tredde plak. De foarsprong op de streek wie ienhûnderste sekonde op syn Sineeske tsjinstanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)