Belgyske winst foar Flyers

Belgyske winst foar Flyers (foto: Martin de Jong)
De A6.NL Flyers ha sneon it Belgyske Herentals mei 6-4 oan de kant set. Op it Belgyske iis gie de striid lyk op, en koene de Flyers pas let yn de tredde perioade in efterstân fan 2-3 omsette yn de foar de Friezen sa geunstige einstân.
Dit wie in opstekker nei de lêste wedstriid, doe't mei 6-2 fan Tilburch ferlern waard. Grutte mannen by de Flyers wiene Sander Dijkstra, mei twa goals en in assist en Bert van den Braak: ien goal, trije assists.