Aris kânsleas yn Leiden

De Friesland Aris hat de útwedstriid tsjin Leiden ferlern mei 87-61. De Ljouwerter basketballers, dwaande mei in goede searje, koene dêr dúdlik gjin ferfolch oan jaan. Nei it earste kwart, 25-20 foar Leiden, rûn it ferskil op. Healwei wie it 48-36.
It ferskil yn it tredde kwart (25-14) betsjutte dat Leiden, de nûmer twa fan de basketballeague, de winst binnen hie. It lêste kwart einige yn 14-11. Aris stiet sechsde yn de kompetysje: acht kear winst en njoggen kear ferlies.