Negerman wint Adventure Run

11 des 2010 - 17:07
  • De start fan 'e Adventure Run op It Amelân

Fries-om-utens Erik Negerman is sneon de winner wurden fan de 10 kilometer op It Amelân. De Adventure Run is sûnder grutte problemen ferrûn. Troch it winterwaar fan de ôfrûne wike waard de heale maraton earder skrast.

Troch iis en snie wie it parkoer foar de heale maraton te gefaarlik. Foaral it stik troch de bosk wie ûnbegeanber. De organisaasje en de gemeente ha der alles oan dien om de koartere ôfstannen wol troch gean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)