Ungelok A7:Drachtsters ferwûne

By in ûngelok op de A7 by Leek binne freedtenacht trije ynwenners fan Drachten ferwûne rekke. De automobilist (26) ferlear de macht oer it stjoer troch wetter op de dyk. Syn auto rekke yn in slip en kaam yn in sleat ta stilstân. De bestjoerder en syn beide passazjiers, in frou (27) út Drachten en in man (26) út dat plak, rekken ferwûne.
Alle trije moasten mei de ambulânse nei it sikehûs. De auto rekke folslein fernield.