Ljouwerter drankriders oppakt

Twa Ljouwerters binne freedtenacht oanhâlden omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer sieten. In 19-jierrige Ljouwerter waard op it Súdfliet oanhâlden. Hy moast syn rydbewiis ynleverje omdat er twa kear mear dronken hie as tastien.
In twadde Ljouwerter, fan 46 jier, moest blaze by in kontrôle op it Súdfliet. Hy hie net allinne fierstente folle dronken, hy hie ek gjin rydbewiis.